Tetman de Vries - De tiid hâld gjin skoft (Official video)

Ойын-сауық

Yn krapoan tritich jier skreau Tetman de Vries 24 stikken, fan 'De tiid hâld gjin skoft' yn 1945 oant 'Heit & Soan troch it Heitelân', (1981) 16 gelegenheidsstikken en 10 stikken yn it Nederlansk. In grut oeuvre dus fan 50 stikken, dêr't hy yn dy tritich jier mei selskippen fan wikseljende gearstalling sa'n 7500 kear in seal fol minsken mei fermakke. Fan Dokkum oant Doesburg en fan Ingelum oant Los Angeles. Mar mei al dy 49 oare stikken en al dat reizgjen, hat hy dat earste stik - 'De tiid hâld gjin skoft' - net weiskriuw en weispylje kinnen. Yn de eagen fan it grutte publyk altearst. Dat seit minder oer dy oare stikken as oer it publyk en de geast fan die tiid. Fuort nei de befrijing troch de Yanks wie dêr dy stikelstekker, dy boadskipsutelder út Bitgum, dy't 'the American dream' yn Fryslân wiermakke. It werkennen fan syn teksten en meldijen, wurd foar wurd en noat foar noat, by al dy Fryske minsken, brocht in flucht en suver magysk súkses. Hy waard wat syn namme al ûnthjitte: Tetman, man fan it folk. De griisdraaide platen fan 'De tiid hâld gjin skoft' kreakje noch geregeld troch tûzenden húskeamers. Moai dêrom dat dizze CD der is. As ûnferjitilik en ûnfergonklik dokumint foar Tetman's bewûnderjende tiidgenoaten. Mar ek foar de nije generaasjes. Want Tetman de Vries wie echt, en echt bliuwt altyd werkenber. Grif dat de tiid even skoft hâld, as jo fan de nûmers op dizze CD genietsje.
(Leo Dijkstra, 1994)
DE TIID HÂLD GJIN SKOFT
Sjongen troch Anne, Jarich & Tetman de Vries
Tekst & muziek: Tetman de Vries
1) Iepeningssang
2) Maitiidssang
3) De siedders
4) De tiid hâld gjin skoft
5) Ingetiderssang
6) Simmersang
7) Twa is in pear
8) Silen en farren
9) Simmerôfskie
10) Fiskersliet
11) Wintersang
12) De Alvestêdetocht
13) Slútsang
© Erven Tetman de Vries / Plankenkoarts

Пікірлер

    Келесі