GEWEST FRYSLAN: Brekkenpolder Lemmer & Earnewâld ontwerpt kanaal voor beroepsvaart

Yn de útstjoering fan Gewest Fryslân op 16 maaie gean we werom nei 4 febrewaris 1965. Doe gie it tillevyzjeteam fan 'van Gewest tot Gewest' nei de Brekkenpolder by de Lemmer. Se lieten sjen dat it dêr noch hieltyd in eilân wie en dat de bern mei in boatsje nei skoalle op'e Lemmer moasten. Pas letter soe der stroom, gas en in brêge komme. Op in oar plak yn Fryslân woene se wol dat der mear wetter komme soe. Earnewâld woe al yn 1988, dat blykt út in reportaazje fan 'van Gewest tot Gewest', in kanaal oer Grou en de Feanhoop nei Drachten ha. It soe te lêstich wêze foar natoer, wettersport en iis, dat al dy grutte skippen troch Earnewâld kamen. Mar dat moatte dy skippen no noch altyd. De reportaazje fan doe is eins hjoeddedei noch hieltyd aktueel.
S02E14 16-05-2013

Пікірлер